Folop keatsen yn it midsimmerwykein!

Yn it midwimmerwykein fan 2024 is der folop keats yn Hommerts. Sneon te moarn wie it de beurt oan de skoalfamkes en famkes KNKB om te striiden foar de krânsen. Midjes om 16.00 wie it de beurt oan de seniore leden om de keatsen foar de kransen op de midsimmerdei partij. Sneons wie der foar de jeugd en hun âlders de de traditionele Ouder-Kind partij.

Sneon te moarn wie der in lange keatsdei op de Hege Fjouwere. Moarns om 10.00 oere begienen de famkes en skoalfamkes op us fjild mei de KNKB wedstriid. 75 froulje keatsen om de priizen op it keatsfjild en op it trainingsfjild yn Hommerts. De lêsten giene run 16.00 oere nei hus, wernei de perken lizze wurde koenen foar de traditionele, wêrom fan fjourt wêst, midsimmerdei partij. De lêste jierren waard dizze wedstriid net ferkeatst, mar omdat de midsimmerdei dit jier yn it wykein foel, wie dit in uitgelezen mogelijkheid om dizze partij wer wêrom te bringen. 

Der waard trije kear keatst mei in oare maat. De earste omloop ferdeeld yn leeftiid klasse, de twadde omloop in A-maat mei in B-maat. En de lêste omloop sa folle mogelijk it selde niveau tsjin elkander. Dizze trije listen soarchen foar in hiel soart spannende partijen, mei meerdere keren 5 earsten gelyk 6 gelyk. 

Yn totaal wiene der fjouwer 3de priizen, fjouwer 2de priizen en nog ris 4 kransen te ferdielen. 
De tredde priizen wiene foar: Ramon Raap, Marko Hoekstra, Jelger de Boer en Redmer van Netten.
De twadde priizen wiene foar: Anepiet Hoekstra, Mark Jaarsma, Abe Stegenga en Sander Adema.
Der wiene fjouwer keatsers die 4 fjouwer kear woen hiene, en dus de kransen mei nei hus nimme koenen. 
Dit wiene: Ciska Vogelzang, Fenna Raap, Lammert Wiersma en Redmer Huitema.

En dan wie der snein te midje ek nog de jierlijkse Ouder-Kind partij. De bern leine der alders yn twa potsjes keatsen ut hoe it keatsen wurket. De ynlis wie by dizze partij wat lekker iten, wat ek belangriik wie troch it moaie waar wat we der by hiene. Nei de twa potten keatsen waarden der ek nog echte keatskannonen makke. Dit troch in catapult te meitsjen fan stekpjealtsies, pickuptouw en een elastiek. Al mei wie dit in moaie ausluter fan in prachtig wykein.

Fan it KNKB keatsen en fan de ledewedstriid sneon hat Baukje prachtige foto's makke. Dy kinne jo besjen troch op dizze link te drukken of troch har Facebook pagina op te siikjen: BB fotoos. 


Terug naar overzicht

Sport ook gezellig mee en word lid!

Meld je aan!