Hommerts de grutte winnaar fan de Hommerts-Jutryp party

Sneon 6 juli wie de twadde edisje fan de Hommerts-Jutryp partij. Dit jier wederom sponsore troch doarpsgenoat Pieter Wiersma mei heerlike brownies fan syn Horecasaak Brownies & Downies yn Snits.

Om 10 oere moarns begie de dei mei de Jong Hommerts-Jutryp partij foar. De bern fan de basisskoalle keatsen wiene as earste oan de beurt om it doarp te ferstjinwurdichjen. 19 Hommertsers namen it om tsien oer tsien op tsjin 5 Jutrypers. Neidat de earste earsten ferkeatst wienen kwam der in erg donkere loft boppe it keatsfjild. Ut dizze wolk kwam in hiele dikke bui fertroch we mei syn allen even skoulje moasten yne tinte. Gelokkich wie Pieter optiid mei de brownies oansetten, sadat iederien under it genoch fan in brownie de puzzelronde yn gean koe. Neidat dêr 20 minuten skoule wie, kaam de sinne wer troch de wolken hinne en koe der wêr fjirder keatst wurde. 

Nei de earste omloop wie de stand hast gelyk en waarden beide doarpen goedop skerp setten om de twadde omloop der fol foar te gean. Uteindelik lutsen de Jutrypers, lyk as foarich jier, oan it koartste ein by de jong HJ partij. Dit betekent dat de winst wederom nei Hommerts gie by dizze partij. 

Midjes wie it de beurt oan de senioren fan De Boppeslach om ut te fechten wa at de Hommerts Jutryp partij fan 2024 op syn namme skriuwe mocht. Hjir mei in perfecte ferdieling fan 11 Hommertsers tsjinoer 11 Jutrypers. Midjes wie der in flinke wyn op it fjild, mar gelokkich is it hiel lang wol droech bleaun. It sompige fjild soarche net foar in grut ferskil yn kwaliteit yn de earste omloop, it ferskil wie ien earst yn it foardiel foar Jutryp. 

Helaas koene se dizze foarsprong net fêst hâlde. De twadde omloop wie namelijk yn de measte gefallen foar de partoeren ut de Hommerts, wat betsjutte dat de Hommerts dit jier foar it earst by de senioren de HJ partij wûn hat. By de priisutryking wiene der nog wat priizen fan de Brownies & Downies priizen te ferdielen. Sa koe waard der in sinnebril en sokken jun foar de earste boppeslach fan de omloop, de domste slag fan de dei en kriigen Lieuwe en Ramon in sinnebril omdat sy it smoarchste wiene oan it ein fan de dei. 

Al mei al wie it moaie editie fan de Hommerts-Jutryp partij, wêrby de Hommerts dit jier twa kear de winst wist te beheljen. 


Terug naar overzicht

Sport ook gezellig mee en word lid!

Meld je aan!